Nijs


22-02-2018 Alle helden op in rychje
Wy hawwe de helden dy't de tocht folbrocht hawwe efkes in plakje jûn op ús helden side.


27-01-2018 Klub fan 11
Jo kinne no lid wurde fan de klub fan 11. Dêrmei helpe jo ús om de tocht te organisearjen en om dizze nei in heger plan te tillen. Foar mar €11,- yn it jier krije jo in fermelding mei in ferwizing nei jo webside op ús side. Ek kin der dan in bannerke fan jo bedriuw yn ús bannerrotaasjesysteem opnaam wurde.


25-05-2017 Start wer yn Heech
De start is krekt lykas de ôfrûne jierren wer by de haven fan Hoora ferhier yn Heech.


23-03-2017 Hoora alvestêdetochtpakket
Wy hawwe foar de dielnimmers oan de tocht dy't sels net in polywikel hawwe in moai totaalpakket regele. Foar mar €149,- kinne jim in Hooravalk hiere foar de folsleine tocht. Wês der rap by want op is op.


20-03-2017 Federaasje Syltsjelke en Contractus Kup
Der binne nije siden taheakke spesjaal foar leden fan de Federaasje fan Fryske studinteferienings oer de Federaasje syltsjelke en foar leden fan de Contractus oer de Contractus Kup.


28-10-2016 Bernlef daget oare studinteferienings út
Foar de 5e edysje fan de sylalvestêdetocht wurde de studinteferienings yn Grins útdage troch de Fryske studinteferiening Bernlef om mei in bemanning diel te nimmen oan de tocht fan 2017.


29-05-2016 De fjirde edysje
Op freedtemoarn 24 juny 2016 sil der op 'e nij in sylalvestêdetocht fan start gean fanút Heech (Hoora haven).


28-09-2015 De útslach
Der binne twa boaten starten. De earste boat hat Dokkum helle mar is net troch de Iebrêge gien en hat de wedstryd by Berltsum ferlitten. De twadde boat hat de folsleine tocht syld al is wol in part fan de bemanning foartidich fan board stapt.


24-09-2015 Tsjin de klok yn
De wyn is sa dat wy foar de wyn nei Dokkum kinne. Dêrnei sil de wyn nei alle gedachten draaie sadat wy ek foar de wyn nei Starum kinne. Dêrom kieze wy der foar om tsjin de klok yn te silen.


23-09-2015 Palaver
In kertier foar de start sil der op it palaver bepaald wurde hokker kant wy om gean. De wyn liket geunstich en beide kanten biede foardielen.


06-09-2015 In moaie oanbieding
Yn gearwurking mei ús stiper Hoora hawwe wy in moai alvestêdepakket gearstalle kinnen. Jo kinne in boat hiere foar de tocht foar mar €139,-


25-08-2015 Thússide oanpast
Wy hawwe efter de skermen al in skoftke dwaande west om de thússide wat ynteraktiver te meitsjen. Der liket it op it earste stuit net in hiel soad feroare te wêzen mar der bin in hiel soad nije siden taheakke. Mochten der noch flaters yn sitte dan hearre wy dat graach. Nim dan mar efkes kontakt op.


05-08-2015 De klok rint ôf
Mei noch krekt 50 dagen te gean oant de start fan de tredde sylalvestêdetocht hawwe wy de startklok alfêst wer pleatst. Jo kinne jo klokje dus alfêst synchroanisearje.


09-07-2015 Starttiid en datum 2015
It plan is op dit stuit om te starten op tongersdeitejûn 24 septimber om 20:00 oere yn Heech. Sa is it ienfâldiger om de brêgen fan Warkum en Parregea te heljen.


30-06-2015 Tredde tocht start mooglik op tongersdei
Omdat it troch de omstandigheden alle kearen wer dreech is om de brêgen fan Warkum en Parregea te heljen op freedtejûn is de organisaasje yn 2015 fan doel om al op tongersdeitejûn te starten. De tocht fan 2015 sil nei alle gedachten starte op tongersdeitejûn 24 septimber 2015.


29-09-2014 Wyngebrek sit twadde tocht dwers
Troch gebrek oan wyn binne de dielnimmers fan de tocht yn 2014 net alhiel oant Dokkum ta west.


16-03-2014 Twitter no ek yn it Nederlânsk
Wy ha no ek in Nederlânsktalich twitteraccount. Jo kinne ús 'volgen' op @zeilelfsteden.


16-02-2014 Datum tocht 2014 bekend
Yn 2013 slagge it net de tocht folslein út te faren. Wy sille yn 2014 oppenij in poging dwaan. Dizze kear sille wy starte op freed 26 septimber 2014.


10-06-2013 It ferrin fan de tocht
Op freed 6 juny giene 5 boaten fan start. Net ien hat de einstreek helle fia de offysjele rûte. De earste ôffaller kaam net fierder as de Galamadammen dêr't hja mei averij stopje moasten. De oare 4 boaten hawwe 10 stêden oandien. Net ien hat yn Dokkum west. 2 boaten binne by Frjentsjer oer it kanaal nei Ljouwert gien, de oare twa binne fia de Noardlike rûte nei Bartlehiem west. Sneintejûn wiene alle boaten wer yn Snits/Heech. Oar jier moat dat fansels efkes better.


07-06-2013 Keningsbrêge te leech
De keningsbrêge hawwe wy fannemiddei besocht te passearen mar dat slagge net. Dêrom sile wy fanút de Swette no by de lêste Stuver loftsôf om fia de Oppenhústerbrêge by de wetterpoarte út te kommen.


01-04-2013 De klok rint
De starttiid is bekend, op freed 7 juny om 6:00:00 sil Heleen Sonnenberg it startskot jaan fan de Sylalvestêdetocht 2013. De start sil plakfine ter hichte fan Camping Pasveer yn Snits. Syngroanisearje de klokjes mar alfêst!


23-03-2013 Heleen Sonnenberg jout it startskot
Wy binne tige grutsk op it feit dat wy Heleen Sonnenberg ree fûn hawwe om op freed 7 juny it startskot te jaan. Heleen Sonnenberg is direkteur fan Weduwe Joustra Beerenburg yn Snits. Dit bedriuw levert al 149 jier de bêste bemanning en sil no dus ek soargje foar in poerbêst startskot.


12-03-2013 De startlokaasje
Wy starte moarns betiid by Camping Pasveer yn Snits. Dêr sille wy Palaver hâlde wêrnei't de startline it lêste brechje foar de Swette wêze sil.


12-03-2013 Facebook updeet
Omdat wy al binnen in pear oeren genôch likes fertsjinne hawwe is ús facebookside no ek te berikken fia facebook.com/sylalvestedetocht. Tige tank.


12-03-2013 Fyn ús leuk op facebook
Wy hawwe ek mar efkes in facebookside makke. Fyn ús leuk!


10-03-2013 De webside is fernijd
De thússide hat in lytse metamorfose hân en is in bytsje rûmer wurden. Sa kin der mear ynformaasje toant wurde. Ek hawwe wy der wer in pear siden oan taheakke.


09-03-2013 De sylalvestêdetocht start yn Snits
De reedriders starte yn Ljouwert en de fytsers yn Boalsert. De ferneamdste sylstêd by útstek is fansels Snits en dêrom hawwe wy der foar keazen om ús sylalvestêdetocht yn Snits te starten.


02-03-2013 De datum is bekend
De organisaasje fan de Sylalvestêdetocht hat besletten dat de start fan de sylalvestêdetocht plak fine sil op freed 7 juny 2013. De starttiid en -lokaasje sille letter bekend makke wurde mar rekkenje der op dat it moarns (hiel) betiid wêze sil. Wy rekkenje der op dat elkenien snein 9 juny wer werom wêze sil.


25-01-2013 Nij lid fan de organisaasje
Allard Berveling fan Wâldsein sil de organisaasje fan de Sylalvestêdetocht fierder fersterkje.


24-01-2013 De brêgen en in lytse oanpasing
Wy hawwe alle brêgen efkes yn kaart brocht. It lykje der 189 te wêzen wêrfan't der ien foar ús iepen moat. Dy fan Parregea is mei 75 sintimeter krekt wat te leech foar in polywikel. Yn it trajekt sitte ek noch 2 slûzen. By Harns hawwe wy de rûte noch in lyts bytsje oanpast omdat de Industriebrêge ek wat oan de lege kant blykte te wêzen. Wy sille no sjen dat wy troch de stedsgreften kinne. Wy moasten dochs al ôfwike fan de rûte omdat it regear ek 30 jier ferlyn al gjin nocht hie om de alvestêderûte fan wat akwadukten te foarsjen. Allinnich in skraal klúntunneltsje koe der by Frjentsjer noch ôf.


19-01-2013 Lytse oanpassings yn de rûte
Nei de ynspeksje fan in grut part fan de rûte binne der in pear lytse wiziginkjes. Sa sille wy yn Sleat besykje om krekt as de reedriders in rûntsje om troch de binnenstêd te meitsjen. Yn Frjentsjer is de rûte in stikje omlein omdat wat in brêge like in daam blykt te wêzen. De folsleine rûte komt no op krekt wat mear as 200km út.


15-01-2013 De rûte no yn google maps
Op de krekt oantúgde ANWB wetterkaart (B) komme wy krekt ta de konklúzje dat wy tusken Harns en Frjentsjer in alternative rûte oer it Van Harinxmakanaal folgje moatte. Yn de Seisbierrumer feart sitte inkelde damen. De rûte dy't wy fan doel binne te silen stiet no yn in google map op de rûtepagina.


13-01-2013 De thússide no yn twa talen
De thússide is no folslein twatalich.


11-01-2013 In eigen website
Der is al aardich wat animo foar ús alvestêdetocht dat wy hawwe ek mar alfêst it wrâld wide web ynsetten. Der is no in eigen thússide dy't te berikken is op www.sylalvestedetocht.nl en www.zeilelfstedentocht.nl.


10-01-2013 Folgje ús op twitter
Wy hawwe in eigen twitterakkount oanmakke (@syl11stedetocht) en de offysjele hashtag foar de sylalvestêdetocht sil #syl11 wêze!


08-01-2013 It idee
Siebren Boschma skillet mei Thaeke Johannes Kuipers oer it ien en fan it ien komt it oar en doe gie it ynienen oer it silen fan de alvestêdetocht. It liket de mannen wol wat ta en om foar wat ekstra bemanning te soargjen wurdt it Bernlefnetwurk ynsetten. Al gau komme der entûsjaste lûden fan minsken dy't meiwolle en it liket der no sels al op dat der mooglik noch in wedstrydsje fan makke wurde kin ek!




Stichting Ramon scoort tegen kanker Steun KiKa in de strijd tegen kinderkanker Recreatieschap Marrekrite Repko Snits foar al jo sportprizen Voor iedereen die van de Friese natuur houdt Warkumer ierdewurk